Steringa Frysk judokampioen
Edwin Steringa is dit wykein Frysk judokampioen wurden by de manlju swiergewicht. De sânfâldich Nederlânsk kampioen krige yn 'e finale opfallend goed partij fan Ultsje Postma.
Wietse Hensema wûn yn 'e kategory oant 81 kg, Jan Talsma oant 73. By de froulju wiene der prizen foar Jessica de Vries, Ellie van Setten en Martina Harens.