Mishanneling yn Grou

31 mrt 2002 - 00:00

In 19-jierrige Grouster is oanhâlden foar mishanneling fan in doarpsgenoat. Op de Haadstrjitte soe er mei in maat de oare Grouster skopt en slein hawwe. De twa wiene lilk op him omt er in freon fan harren lestich fallen hie.

Dûzelich en mei in stikkene lippe koe it slachtoffer dochs noch fuortkomme en de plysje warskôgje. Dy naam ien fan 'e twa dieders mei nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)