Museaal earbetoan oan Bonnema

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum yn Ljouwert komt fan 13 april ôf mei in earbetoan oan arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp. Bonnema ferstoar ferline jier yn 'e âldens fan 74 jier. Yn it museum sille grutte foto's fan wurken fan Bonnema te sjen wêze en makettes fan syn eigen arsjitekteburo.
Fierder binne der ek filmfragminten te sjen, wêryn Bonnema sels oan it wurd komt. De eksposysje is oant septimber.