Jonge bestellen op It Fean

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge is woansdei op It Hearrenfean bestellen fan syn beurs en tillefoan.
De jonge waard moarns betiid op De Beugel troch trije manlju oerfallen. Ien pakte him beet en in oarenien luts in foarwerp dat op in wapen like. Hy moast syn beurs en tillefoan oerjaan. Doe't se dy krigen hiene, naaiden de manlju út. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.