Nij oerlis oer gasboarrings

© Omrop Fryslân
De ministers yn Den Haag sille noch ris oerlizze oer de gasboarrings yn de Waadsee. It kabinet hat it dreech mei in keamermoasje wêryn't in stranger belied bepleite wurdt foar de Waadsee.
De NAM ferwachtet dat it kabinet de gaswinning dochs tastean sil. De NAM giet der fanút dat it kabinet nochris eksterne saakkundigen ynskeakelt foar in nij ûndersyk nei skea oan de natuer.