Plan foar mear stienûltsjes
Der moatte mear stienûltsjes yn Fryslân komme. Yn Sint Jabik by biologysk fruitkweker De Groot is dêr tongersdei de earste oanset ta jûn. Dêr waard in nêstkast foar de stienûle ophongen troch de tsjerkûle-wurkgroep fan biolooch Johan de Jong.
Dy hat in plan makke om it stienûltsje te beskermjen. Yn Fryslân binne noch 15 pearkes. Yn de rest fan Nederlân 8000.