Twa brûnzen bylden stellen
Yn Ljouwert binne de ôfrûne wiken twa brûnzen bylden stellen. Yn de wyk De Fennen waard it byld fan in hynder fan in sokkel ôfhelle.
Yn Cammingaburen waard achter it winkelsintrum in brûnzen keunstwurk meinaam dat in stoel foarstelt. De plysje ûndersiket de stellerij.