Reaksje Pronk op Drachtsterfeart

28 mrt 2002 - 00:00

Minister Pronk fan Miljeubehear wol him net minge yn it konflikt oer de útfiering fan it Drachtsterfeart-projekt. Yn in brief oan de feriening It Drachtster Bosk seit Pronk dat hy der fan út giet dat alles op goede wize útfierd wurdt.

Fierders skriuwt hy dat hy de útspraak fan de Steatsrie yn de boaiemproseduere ôfwachtsje wol. Feriening It Drachtster Bosk is net tefreden mei syn reaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)