Nije fearboat foar It Amelân

© Omrop Fryslân
Der komt in nije fearboat tusken It Amelân en Holwert. De boat wurdt takom jier ynset troch Wagenborg Feartsjinsten en kin 1200 minsken ferfiere. Hy wurdt like grut as de MS Sier dy't al hast tsien jier nei It Amelân fart.
De nije boat sil boud wurde troch Bijlsma yn Warten en De Lemmer. Foar de werf is dit in wichtige oarder fan sa'n 15 miljoen euro.