Identiteit slachtoffers bekend

© Omrop Fryslân
De plysje hat de identiteit fan de twa slachtoffers by it ûngemak op de Wâldwei fan woansdei bekend makke. In frou (59) út Amsterdam en in frou (69) út Aalsmeer kamen by de botsing om it libben. De tredde ynsittende, in frou (63) út Amstelveen rekke swier ferwûne.
De frachtweinsjauffeur besocht noch nei rjochts te stjoeren, mar koe in oanri-ding net mear tefoaren komme.