Wol skeafergoeding boaiemdelgong

© Omrop Fryslân
Der komt dochs in regeling foar boargers dy't skea ha troch it winnen fan sâlt of gas. In mearderheid fan de Twadde Keamer wol dat it regear jild yn in fûns stoart. Minister Jorritsma wol dat lykwols net.
Nei lang oantrunen sei se ta dochs in beheind fûns yn te stellen. Dat is foar partikulieren dy't oars gjin skeafergoeding krije.