Miljoenste boeker by Doeksen

08 mrt 2012 - 10:23

Rederij Doeksen set tongersdei de ien-miljoenste online-boeker yn it sintsje. Passazjiers fan de fearboaten nei en fan de eilannen kinne sûnt 2006 fia ynternet har kaartsjes keapje. Dat is dus al in miljoen kear dien. Tsjintwurdich kin dat ek al mei in applikaasje op de mobile tillefoan.

Mear as de helte fan de passazjiers boekt no syn boatreis fia ynternet. De miljoenste boeker reizget tongersdei mei de snelboat nei Flylân. Hy of sy krijt middeis yn Harns in kado oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)