Hortus moat iepen foar publyk

© Omrop Fryslân
De Hortus Botanicus yn Frjentsjer moat wer iepensteld wurde foar publyk. Dat makket de stêd foar toeristen ekstra oantreklik.
De histoaryske tún hearde by it psychiatrysk sikehûs, mar dat is ferkocht oan in projektûntwikkeler. Hy wol apparteminten bouwen. It FNP freget oft it kolleezje mei de projektûntwikkeler prate kin oer iepenstelling fan de tún.