PvdA, CDA en GB2000 yn B'him

© Omrop Fryslân
Yn Boarnsterhim giet de PvdA mei GB2000 en it CDA fierder om in nij kolleezje te foarmjen. De PvdA is de grutste partij yn Boarnsterhim. PvdA en CDA hawwe by de lêste ferkiezings gjin sitten ferlern wylst GemeenteBelangen mei twa sitten ekstra op fjouwer útkaam.
De partijen geane derfan út dat it nije kolleezje yn Boarnsterhim om 12 april hinne der sitte sil.