Sinnestriel op grêf fan Saskia

08 mrt 2012 - 10:18
  • Grêf Saskia van Uylenburgh

Yn de Alde Tsjerke yn Amsterdam is tongersdeitemoarn betocht dat it 400 jier lyn is dat Saskia van Uylenburgh yn Ljouwert berne waard. Saskia wie de frou fan Rembrandt. De betinking wie by it grêf fan Saskia, dat ien kear yn it jier rekke wurdt troch in sinnestriel. Ta gelegenheid dêrfan organisearret de Alde Tsjerke elk jier it saneamde sinnemoarnsbrochje.

Ut Fryslân wiene ûnder oare boargemaster Crone fan Ljouwert en Geart de Vries, direkteur fan it Histoarysk Sintrum, oanwêzich by de betinking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)