Grutte aksjereewilligens Philips

© Omrop Fryslân
De aksjereewilligens by Philips yn Drachten is tige grut. Dat sizze de fakbûnen, op grûn fan de reaksjes fan personielsleden fan Philips.
Fakbûnsbesjoerders stiene woansdeitemoarn by de hikke fan it skearapparatefabryk om de minsken waarm te krijen foar de staking fan tongersdei. Ferwachting is dat de hiele produksje stilleit. Ynset is in leansferheging fan 3,5%.