'Nij ûndersyk oer weryndieling'

© Omrop Fryslân
Der moat folle better ûndersyk dien wurde yn de gemeenten, foardat der serieus praat wurde kin oer gemeentlike weryndieling. Mei dat stânpunt komt de Feriening fan Fryske Gemeenten. Neffens ûndersyksburo SGBO soe skaalfergrutting de oplossing wêze foar de problemen dy't de gemeenten no ha. De Feriening fan Fryske Gemeenten is it dêr net mei iens en wol in nij ûndersyk.