Fragen D66 oer beneaming De Boer

© Omrop Fryslân
De lanlike D66-fraksje wol dat minister De Vries fan Ynlânske Saken yngrypt by de boargemastersbeneaming yn Ljouwert. De fraksje hat tiisdei fragen steld oer de kwestje oan de minister.
Neffens D66 kin it net sa wêze dat der in offisjele proseduere folge wurdt, wylst elkenien wyt dat Margreeth de Boer de nije boargemaster wurdt. De minister moat oer uterlik 3 wiken antwurd jaan.