Skiep krijt fiifling

© Omrop Fryslân
In skiep yn Nes, by Akkrum, hat moandeitemiddei in fiifling krigen. It bart net faak dat in skiep fiif lamkes yn ien kear krijt. De eigner, hobbyboer De Jong, hie der hielendal net op rekkene.
It fyfte lamke waard berne wylst der net ien by wie. Trije fan de fiif jonge bisten binne goed op gewicht. De oare twa wurde grutbrocht mei de flesse. Nei alle gedachten sille alle fiif oerlibje.