Tongersdei staking by Philips
Foar it earst yn de skiednis wurdt der tongersdei echt staakt by Philips yn Drachten. Der is noch gjin akkoart tusken de direksje fan Philips en de fakbûnen. De fakbûnen wolle in leansferheging fan minimaal 3,5 persint.
Philips sit al sûnt 1950 yn Drachten. Op it stuit wurkje der sa'n 2000 minsken. Der binne earder wol prikaksjes hâlden, mar noch nea is der echt staakt.