Mear bands Wâldrock bekend

26 mrt 2002 - 00:00

Der binne op 'e nij in pear nammen tafoege oan it programma fan it metalfestival Wâldrock op 30 juny yn Burgum. It giet om Agnostic Front, Destroyer 666 en Akercocke. Ut Noarwegen en Sweden komme de bands Tristania en Immortal.

Der binne no njoggen bands boekt foar Wâldrock. It is de bedoeling dat der sa'n fyftjin bands spylje sille. De foarferkeap begjint kommende sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)