Limyt fan 15 ljipaaien per siker

© Omrop Fryslân
Ljipaaisikers meie net mear as 15 ljipaaien meinimme. Dat hawwe de provinsje en it ministearje fan Lânbou moandei ôfpraat. Ek mei it ljipaaisykjen dit jier trochgean oant 8 april.
Op 1 april giet de nije flora- en faunawet yn wurking. Dat soe ek de slutingsdatum fan it ljipaaisykjen wurde. No is der dus in wike útstel. Der moatte noch ôfspraken foar takom jier makke wurde.