YEN: mear jild foar Fryske les

25 mrt 2002 - 00:00

Nederlân moat mear jild útlûke foar it Frysk op skoalle. Dat fynt de Europeeske jongerenorganisaasje YEN, dy't dizze wike yn Grou byinoar is. "Nederlân moat sjen litte dat it it Hânfêst foar minderheidstalen serieus nimt", fynt YEN.

It feit dat skoallemienskip Piter Jelles ophâlde wol mei it Frysk as eksamenfak is oanlieding foar YEN om in resolúsje op te stellen oer it Frysk op skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)