Fernielings Balk gean troch

© Omrop Fryslân
Yn Balk binne yn de nacht fan sneon op snein ferskate saken fernield. De fandalen brutsen de antenne fan in bestelbus ôf en setten it mes yn in ôfdekkleedsje fan in oanhingwein. De skea leit om de 1000 euro hinne. Ek stutsen se autobannen lek.
De fernielders binne de lêste tiid tige aktyf. De hoareka hat tipjild beskikber steld, oant no ta om 'e nocht.