YEN-konferinsje yn Grou
131 jongeren fan sa'n 22 taalminderheden út West- en East-Europa binne de kommende wike byinoar yn Grou foar it peaskekongres fan 'e Youth of European Nationalities (YEN). It kongres mei as tema 'Lykwicht' is troch it FYK nei Fryslân helle. Boargemaster Dijkstra fan Boarnsterhim hjitte de jongeren snein wolkom yn it âlde riedshûs yn Grou.