Harm Wiersma yn Twadde Keamer?
Ald-wrâldkampioen dammen Harm Wiersma is de heechste Fries op de list Fortuyn. Hy stiet op it achttjinde plak. Neffens peilings hellet Fortuyn 29 sitten yn de Twadde Keamer. Wiersma is dan in serieuze kandidaat foar in Keamersit.
Oare Friezen op de list binne Johannes van Ruiten fan De Lemmer (24e plak) en Johannes Wiersma fan Readtsjerk mei in 39e plak.