'Boete Vesuvius moat fan tafel'

21 mrt 2002 - 00:00

De boete dy't de leden fan âldjiersploech Vesuvius út Elslo krigen ha, moat fan tafel. Dat seit boargemaster Lesterhuis fan de gemeente Eaststellingwerf. Hy fynt dat de minister fan Justysje dan mar útlizze moat wêrom de manlju in boete fan 400 euro de man krigen ha.

Vesuvius hat in boete krigen foar it stellen fan in byld fan Rinus Michel by de KNVB yn Zeist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)