Plysje-ûndersyk rellen Fean

21 mrt 2002 - 00:00

It plysje-ûndersyk nei de rellen yn de Indyske buert op it Hearrenfean, yn de âldjiersnacht, hat in soad oanhâldings oplevere. Mei âld en nij binne al fjouwer fertochten oanhâlden. De ôfrûne moannen kamen dêr nochris 16 by.

Sân fertochten binne foarlaad oan de rjochter-kommissaris. Op it stuit sit der noch in 27-jierrige man fêst. De groep hat brân stifte en guod stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)