Frysk as eask yn profylskets

21 mrt 2002 - 00:00

De nije boargemaster fan Achtkarspelen moat it Frysk behearskje. Of hy of sy moat ree wêze de taal op koarte termyn te learen. Dat stiet yn de profylskets dy't de gemeente opsteld hat foar de opfolger fan boargemaster Schmidt.

Oer de politike kleur stiet der neat yn. Wol is oanjûn dat de gemeente dúdlik in kristlik sinjatuer hat. Schmidt hâldt 1 july op mei syn wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)