Heldoorn offisjeel boargemaster

20 mrt 2002 - 00:00

Sicko Heldoorn is ta boargemaster fan de gemeente Opsterlân beneamd. It wie offisjeus al bekend dat de deputearre de opfolger wurde soe fan Wim Cornelis. Dy waard ferline jier beneamd as boargemaster fan Gouda.

Heldoorn wurdt as deputearre opfolge troch steatelid Anita Andriessen. Ald-fraksjefoarsitter Van Dijk fielde har dêrby passearre en stapte op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)