Untefreden leden Stamboek
De feriening fan 'Het Friesch Paarden Stamboek' moat op 'e nij strukturearre wurde. Dat fynt in groep ûngerêste leden. It is net demokratysk genôch fine se. Op de ledegearkomste bringe se in plan yn.
Der moatte mear dissiplines út de hynstesport yn it Stamboek komme. De leden fine ek dat it bestjoer te grut is. De groep wol boppedat in oar bestjoerslid.