Boargemaster Skylge hâldt op

© Omrop Fryslân
De boargemaster fan Skylge hat tiisdei yn de riedsgearkomste har ôfskied oankundige. Van Beukering hâldt 1 desimber op. Se is dan 61 jier en fynt dat it moai west hat. Se hat fjirtjin jier op it Waadeilân sitten en is dêrmei ien fan de langstsittende boargemasters.
Nei it fuortgean ferhuzet se nei Amsterdam. Se ferwachtet dat ôfskied en opfolging soepel ferrinne sille.