Undersyk nei gaslek Burgum

19 mrt 2002 - 00:00

Burgumers binne goed in wike lyn ûntkommen oan in ramp. Yn swimbad De Wetterstins wie in gaslek. It bad is doe gau ûntromme. It lek ûntstie doe't in ekspânsjefet fan de muorre foel, op de gaslieding.

De gemeente fûn it net nedich om it ynsidint nei bûten te bringen. De FNP wol dúdlikheid ha. De skuldige kin op in flinke boete rekkenje, seit de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)