Opknappen Bûten Oranjewâld

© Omrop Fryslân
It opknappen fan it Bûten Oranjewâld kostet seker 2.500.000 euro. As tarieding op it museumpark dat der komme moat, hat steatsboskbehear de histoarje fan it park hielendal útsykje litten.
Dêrmei is yn kaart brocht hoe't it park der ea útsjoen hat. By de rekonstruksje wurde ek nije eleminten oanbrocht. Sa sil der ek in museum foar moderne keunst yn it park komme.