'Fryslân hâldt fuotten droech'
Der hoege net fuortendaliks maatregels te kommen om wetteroerlêst foar te kommen. Oan it jier 2030 ta kin it behearskingssysteem fan no it wol oan. Wol stiet it lân ien kear yn de tolve jier splis, sa docht bliken út in provinsjale stúdzje.
Fierders komme der ûnderweis nei it jier 2100 in gemaal en mear tydlike bergingskapasiteit yn 'e natuer by.