Hearrenfean rêdt it net op
Hearrenfean hat snein djoere punten ferlern. It slagge de ploech fan Foppe de Haan net om it Ajax lestich te meitsjen. De Amsterdammers wûnen frij maklik mei 2-0. De rêststân wie 1-0.
Foar Ajax skoarde Mido twa kear. Mei noch útwedstriden tsjin alle topklubs op it programma is it foar de Feansters no tige dreech om noch Champions League te heljen.