Permanint azc yn Drachten

17 mrt 2002 - 00:00

Drachten krijt in permanint azc foar fjouwerhûndert flechtlingen. It asylsikerssintrum komt op it bedriuwepark A7-Noard. Op dy lokaasje stiet no ek al in azc, foar seishûndert persoanen.

Smellingerlân hat in skoftke praat oer in oare lokaasje. It sintraal orgaan opfang asylsikers fûn dat lykwols net sa'n goed idee. Dat soe in te djoere operaasje wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)