Friesinger earste yn klassemint

16 mrt 2002 - 00:00

Anni Friesinger hat sneontemiddei yn Thialf de 3000 meter wûn yn 4.08,02. Se loste dêrmei Jennifer Rodriguez ôf as nûmer ien yn it algemien klassemint.

Claudia Pechstein waard twadde op de 3000 meter. Cindy Klassen wie krekt wat flugger as Marja Vis en waard tredde op dy ôfstân. Tonny de Jong waard alfde. Yn it klassemint hat Friesinger in lytse foarsprong op Rodriguez.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)