Base-jumpe fan de stjoermêst

16 mrt 2002 - 00:00

Base-jumpe, oftewol fan hege gebouwen en mêsten ôfspringe, wurdt hieltyd mear in raazje. Sa is der yn 14 dagen tiid twa kear in parasjutist fan de stjoermêst yn Jirnsum ôfsprongen.

Offisjeel is it ferbean en boppedat libbensgefaarlik: klimmers kinne elektrokutearre wurde. De plysje kin lykwols neat dwaan. De ferantwurdlikens leit by de eigner fan de mêst, Nozema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)