Opfieding fia de streekkrante

© Omrop Fryslân
Kenlik wit net elkenien it op De Gordyk: it húske is inkeld bedoeld foar miich en ekskreminten. Yn De Woudklank makket de gemeente Opsterlân dat de bewenners nochris dúdlik.
It rioel rekket geregeld ferstoppe mei frouljusferbân en wiete doekjes. Dat soarget foar problemen by de wettersuvering. Op fersyk fan it wetterskip is de advertinsje yn de krante set.