Telenga Frjentsjer wer grutter

De Telenga Media Groep út Frjentsjer hat opnij in drukkerij oernommen. It giet om Drukkerij Rozenberg út Grins. It bedriuw giet fierder ûnder de namme Telenga Drukwerk Service. It gebou fan de drukkerij sil brûkt wurde as dependânse.
Yn febrewaris naam Telenga noch de Aerge drukkerij yn Meppel oer. Mei de oername yn Grins hat it bedriuw no fêstigings yn alle trije noardlike provinsjes.