'Gasboarrings noch net ferbiede'

© Omrop Fryslân
De gasboarrings yn de Waadsee moatte net ferbean wurde foar't der ûndersyk dien is nei de gefolgen foar it miljeu. Dat skriuwt fakbûn FNV-Bondgenoten yn in brief oan minister Jorritsma fan ekonomyske saken. In ferbod op boarrings soe grutte gefolgen hawwe foar de wurkgelegenens yn it Waadgebiet.
De Twadde Keamer stimt tiisdei oer in moasje om nije boarrings te ferbieden.