Houliksflagge bringt jild op

14 mrt 2002 - 00:00

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat 6750 euro ophelle foar it Prins Bernhardfûns. It jild is fertsjinne mei de ferkeap fan Willem-Alexander en Màximaflaggen. Dêrfan binne der 3000 ferkocht.

De flaggesintrale donearret no 2,25 euro per flagge. Dat bedrach wurdt ferdûbele troch it kultuerfûns. It jild wurdt brûkt foar beurzen foar wittenskippers, muzikanten en byldend keunstners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)