'Harns-Surch moat sneldyk wurde'

13 mrt 2002 - 00:00

De autodyk fan Harns nei Surch, de N31, moat in autosneldyk wurde. Dat seit de ANWB yn in reaksje op de startnotysje oer de N31 fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat.

De ANWB skriuwt dit yn in brief oan it ministearje. Yn de ferbining tusken Ljouwert en Amsterdam is allinnich it stik Harns-Surch gjin autosneldyk. Op dit stik dyk barre in soad ûngemakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)