Wethâlder wol gemeente opheffe
Alle gemeenten yn Noardeast-Fryslân moatte fusearje. Mei dat plan kaam wethâlder Berkhof fan Dantumadiel tiisdei by syn ôfskie. Lytse gemeenten kinne it net oprêde, sa sei er, en dêr heart Dantumadiel ek by.
Berkhof siet 24 jier yn de ried. Hy krige dêrfoar in ûnderskieding. Ek wethâlder Bokma dy't nei 25 jier ophâldt, krige in lintsje.