Listlûker PvdA Dokkum stapt op

© Omrop Fryslân
Listlûker en fraksjefoarsitter Sytze Dykstra fan de PvdA-Dongeradiel komt net werom yn 'e gemeenteried. Dykstra fielt him ferantwurdlik foar de útslach fan de ferkiezings fan ôfrûne woansdei.
De PvdA hat doe twa fan de fjouwer sitten yn de ried ferlern. De nûmer trije op 'e list, Freerk Abma, sil it plak fan Dykstra ynnimme yn de fraksje.