Frouljushannel ek hjir probleem

© Omrop Fryslân
De frouljushannel is yn Fryslân folle omfangriker as bekend is. Mar in lyts tal fan de gefallen is registreard. Dat blykt út in rapport oer frouljushannel dat moandei presintearre is.
Neffens it rapport moat Ljouwert in opfanghûs krije foar froulju dy't it slachtoffer binne fan frouljushannel. Ek moat de plysje besykje mear it betrouwen fan de flechtlingen te winnen.