Ziuz De Gordyk nei Amearika

07 mrt 2012 - 20:59

Software-ûntwikkeler Ziuz fan De Gordyk hat in grutte opdracht krigen fan in Amerikaanske plysje-organisaasje. It bedriuw hat him ûnder oare spesjalisearre yn de ûntwikkeling fan software dy't de plysje helpt by it finen fan berneporno op it ynternet. Oant no ta wie Ziuz allinnich aktyf yn Noard-Europa. De oerstek nei de Amearikaanske merk is wichtich foar it bedriuw.

De nije opdracht betsjut dat der ekstra minsken oan it wurk kinne by Ziuz. It bedriuw ferhuzet meikoarten dan ek nei in fleugel fan de Rabobank op De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)