Kaugommakkers net nei Fryslân

11 mrt 2002 - 00:00

Personiel fan in kaugomfabryk yn Amsterdam staakt om't se net nei Snits ferhúzje wolle. De direksje fan RBV hat oankundige it fabryk oerpleatse te wollen nei Fryslân.

De wurknimmers wolle perfoarst net fuort want se binne oan 'e regio Amsterdam bûn. Ut protest diele se tiisdei kaugom út op it Amstelstasjon yn Amsterdam. By RBV wurkje 180 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)