Rotary-jild foar sike skipper

10 mrt 2002 - 00:00

Ald-rêdingboatskipper Arie Boom fan Harns hat 2500 euro krigen fan de Rotary-klub yn de stêd. It bedrach is in bydrage yn de wrâldreis dy't Boom meitsje sil. Hy wol dêrmei omtinken freegje foar de 'izersteapelingssykte' dy't hy ûnder de lea hat.

By Boom is de sykte net mear te genêzen. Syn reis set 2 septimber út ein. Hy hat noch wol mear jild en materiaal nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)